Barbecuepartij snein 13 maaie 2012
By de senioren waard der keatst yn in A en in B klasse, der koe troch te min froulike opjefte net in aparte frouljusklasse opsetten wurde. Dit mocht gjin probleem weze, alles koe wol troch ilkoar. Yn de A-klasse wienen fjouwer twatallen die in poultsje keatsten. De B-klasse hie 7 twatallen en 1 trijetal. Yn de A-klasse keatsten earst Richard de Graaf en Hans de Boer tsjin Jan Heida en Jelle Anema. De earsten wunen de partij mei 5 - 1, dit troch fouten op de seis. Litte we it der mar op halde dat Jan en Jelle in peloteperk went binne. Libbe Poppema en Jurriaan Hoekstra moasten it opnimme tsjin Wilco Fopma en Baukje Stienstra. Ek hjir jilde dat de opslach belangryk wie, fan beide kanten, mar fan Libbe en Jurriaan noch mear. Disse partij waard mei dertroch dan ek mei 5 - 1 wun troch Wilco en Baukje. Dernei keatsen de winners fan de earste potsje tsjin de ferliezers fan it twadde potsje en oarsom. De opslach waard steeds wat better, mar de winners fan de earste potsjes wunen ek dit twadde potsje wertroch in zinderende finale mooglik wie. En sa wie it.. Wilco en Baukje runen yn it letste postsje gau út nei in 3 - 0 foarsprong en letter in 5 - 2 foarsprong. Dernei waarden Richard en Hans echter waarm en begunen mei hun comeback. Op 5 - 5 waarden der gjin opslachflaters mear makke en moast oeral om keats wurde. Op 5 - 5 6 - 4 waard de letste slach slein en koenen Wilco en Baukje alsnoch de krans yn untfangst nimme. It potsje om de it tredde plak wie net mear fan grut belang, sjoen it feit dat er mar twa priizen wienen. Der waard derom net minder fanatiek keatst en beide petoeren lieten sjen it toch wol te kinnen. De útslach is disse skriuwer net bekind, mar it sech der goed én gesellich út. Yn de B-klasse waard keatst mei winners- en ferliezersrunde. Yn de earste omloop wienen in soad dúdlike útslagen, dertroch wienen der de twadde runde des te moaiere wedstryden. Sa moesten yn de earste heale finale fan de winnersrunde Lyssa van der Ende en Dayna de Boer it opnimme tsjin Maaike Kuipers en Jolt van der Veen. Dayna en Jolt, beide opkommende talinten dy de smaak te krigen hawwe fan it spultsje, hienen de earste omloop efkes oefenje kint en de twadde omloop koe de striid dus echt oangean. Dayna wun dit underlinge gefecht en hie dertroch in plakje yn'e finale feilig stelt. Jolt sil de oare kear der wer fol foar gean moatte, mar der ha wy alle fertrouwen yn. Yn de twadde heale finale fan de winnersrunde moasten Hedwich Stienstra en Wisse Arendz it opnimme tsjin Pieter Klaversma, Henderika Reitsma en Nynke Wiedijk. Ek dit waard in spannende partij weryn in trijetal op it letst dochs oan it langste ein luts. De finale fan de winnersrunde soe dus keatst wurde tusken Lyssa en Dayna en Pieter, Henderika en Nynke. In hiel frouljusfestijn dus, seit wat oer it niveau fan de mannen. Miskien moatte we foar hun in training beginne? It waard in finale sa at we it allegear graag sjoche, spannend oant it ein. Pas op 5 - 5 koenen Pieter, Henderika en Nynke it útmeitsje nei in hiele tiid efter te stien hawwen. Yn de ferliezersrunde keatsen yn de heale finales Jan Watze Wiersma en Klaas van der Veen tsjin Jehannes Arendz en Martin ... Jan Watze fun dat it de aldsies tsjin ilkoar wienen, mar hjir wienen de mieningen noch wol wat oer ferdielt. Jan Watze liet wol sjen jonger te wezen en koe dertroch de finale fan de ferliezersrunde keatse. Toch noch iets, want gjin priis koe natuurlik net nei de oerwinning fan foarch jier. Yn de oare heale finale namen Geart Reitsma en Reinder Bonekamp it op tsjin Sybren van der Meer en Jouke Bonekamp. Jouke wun de underlinge Bonekamp striid en mocht mei Sybren yn'e heale finale oantrede tsjin Jan Watze en Klaas. Sybren en Jouke lutsen hjir oan it langste ein en mochten sadwaande mei de tredde priis nei hús. Bysunder disse kear wie dat je mei twa kear ferlieze en ien kear winne ek in priis winne koenen, dit wie in soart fan oanmoedigingspriis en dy gie dus nei Jan Watze en Klaas. Neidat de priizen, badlekkens mei embleem fan KF Jacob Klaver derop borduurt en de (sa as altyd) prachtige kransen, útrikt wienen koe it feestje beginne. Jolanda Wiersma hie in prachtige salade makke mei in tillegraaf derop. It bliuwde net lang 5 - 5 6 - 6, want elts hie honger nei sa'n drokke keatsdei. Gelokkich hienen Jolanda en Jan Watze in heerlik buffet, wertroch iederien, ek noch under it genot fan in drankje, heerlik bykomme koe. It bliuwde noch lang gesellich... Nieuwsitem geplaatst op 16 maaie 2012 om 14:36:34
Geplaatst op 15 May 2012